Snits: 8 tinkstiennen pleatst

20 apr 2009 - 13:10

De Dútske keunster Gunter Demnig hat moandei acht tinkstiennen oanbrocht yn de stoepe yn it sintrum fan Snits. Op de stiennen steane de nammen fan acht minsken fan 'e Joadske famylje Pino, dy't omkaam binne tidens de Twadde Wrâldoarloch. De acht stienen binne de earsten fan de mei-inoar 25 stienen dy't der komme te lizzen.

Demnig hat al mear as 15.000 fan dit soarte stiennen lein yn ferskate lannen. Snits is it earste plak yn Fryslân mei sokke tinkstiennen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)