Man komt om by auto-ûngelok

De auto fan it slachtoffer by de Lauwersseewei (foto Jan Beets)
Op de dyk tusken Eanjum en Lauwerseach is moandeitemoarn in automobilist (75) út it Grinslanner Kloosterburen om it libben kaam. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e berm, wêrnei't er yn de slip rekke en oan de oare kant fan de dyk yn de feart bedarre. De man is op de plak fan it ûngelok ferstoarn.
De N361 tusken Eanjum en Lauwerseach is fanwege it ûngelok ôfsletten foar ferkear. Der is in omlieding ynsteld oer de parallelwei.