Bromfytser rydt 80 km

20 apr 2009 - 10:25

Yn Ingwierrum hat de plysje sneintejûn it rydbewiis fan in 16-jierrige bromfytser yn beslach naam. De jonge ried mei in snelheid fan hast 80 kilometer yn de oere oer de Saatsenwei.

Doe't de plysje de jongen in stopteken joech, probearre hy te út te naaien. Uteinlik koe er dochs noch oanhâlden wurde en is der proses-ferhaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)