Sukses op Christina Concours

De Fryske dielnimmers oan it Nasjonale Prinses Christina Concours yn Den Haach hawwe hiel goed presteard. Arjan Jongsma (13) fan Drachten waard 1e op marimba. Valentina Tóth (14) út Aldtsjerk helle in 1e priis op piano.
In 2e priis wie der foar Dana de Vries út Frjentsjer, op sello. It Prinses Christina Concours is in hiel belangryk konkoers dat him ynset foar de promoasje fan klassike muzyk ûnder jongeren. Priiswinners krije workshops en masterclasses oanbean.