Jubileum jeugdsirkus Saranti

Affisje fan de nije foarstelling
Jeugdsirkus Saranti fan Ljouwert bestie dit wykein fyftich jier. Dêrom wie it tiid foar in feestje en foar in reüny.
Sa'n hûndertfyftich artysten en foaral âld-artysten kamen sneon nei muzyksintrum Schaaf om dêr by te kletsen, foto's út te wikseljen en om guon akrobaten en clowns noch ien kear yn aksje te sjen. Snein presintearre it sirkus har nije programma 'Jubilea', in jubileumshow mei 24 artysten yn nije kostúms.