Man smyt fyts op frou

© Omrop Fryslân
Op De Lemmer is yn de nacht fan sneon op snein in man oanholden, omdat er in fyts op in frou smiten hie. De frou hie de plysje warskôge en koe goed omskriuwe hoe't de man der út seach.
Efkes letter seach in plysjeman dat de fertochte yn de auto stapte en doe gongen syn kollega's der efteroan. Op de Suderseestrjitte koene se him oanhâlde. Hy is meinommen nei it plysjeburo en yn de sel setten.