Dronken Drachtster oanholden

19 apr 2009 - 14:14

In 29-jierrige man út Drachten is sneontejûn let oanholden op de Hegedyk yn De Pein op fertinking fan iepenbiere dronkenskip. Nei in melding dat der op de Hegedyk trije persoanen op strjitte lizze soene, troffen plysjes de fertochte mei in bliedende holle op strjitte oen.

Syn freonen stienen deromhinne en seinen dat dat de man dronken hie. Doe't de man agressyf waard besleat de plysje him oan te hâlden. Dêr moast noch in plysjehûn oan te pas komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)