Bedriging mei pistoal

19 apr 2009 - 14:01

In 18-jierrige man út Drachten is sneontejûn oanholden op de Schwartzenberghleane yn syn wenplak op fertinking fan bedriging. Nei't op strjitte ien wat oer it fuotbaljen sein hie, ûntstie rúzje tusken de fertochte en in 42-jierrige plakgenoat.

Hjirby bedrige de fertochte syn plakgenoat mei in stikkenslein bierfleske en in pistoal. De yntusken alaarmearre plysje hold de fertochte oan en brocht him oer nie it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)