Man sit neaken achter stjoer

19 apr 2009 - 13:54

In 23-jierrige man út Warfhuzen is sneontemiddei oanholden op de Dongeradyk yn Dokkum foar iepenbiere skeining fan earberens. Om 15.30 oere hinne kaam in melding binnen dat twa froulju op de Helling troch in man oansprutsen wiene.

De man siet neaken achter it stjoer fan syn auto. Op basis fan it kenteken koe de man op de Dongeradyk oanholden wurde en waard er oerbrocht nei it buro. Hy sei dat in ôfspraak hie op it parkearterrein en op dyjinge wachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)