Ungelok op A32

19 apr 2009 - 13:50

Twa persoanen binne sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A32. In automobilist (22) út Harderwijk ried fanút de rjochting Wolvegea yn de rjochting Ljouwert, doe't de man foar him ynienen hurd op de rem trape.

De man moast in needstop meitsje, wiek út nei rjochts en rekke yn de slip. Nei in draai om syn as kaam er fia de middenberm tsjin de fangrail ta stilstân. Yn de auto sieten fjouwer persoanen. Twa fan har binne mei nekkeklachten nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)