Opnij fertraging op 'e A7

19 apr 2009 - 10:41

Wurk oan 'e dyk soarget snein opnij foar fertraging op 'e A7. Tusken Drachten en Beetstersweach kaam sneon al geregeld stadich ridend en stilsteand ferkear foar, dat giet ek snein noch troch. Dat komt omdat der mar ien rydstrook beskikber is.

Rykswettersteat ferfangt in diel fan it asfalt fan de A7. Dat wurk duorret oant moandeitemoarn seis oere. Nije wike wurdt ek jûns en nachts noch oan 'e dyk wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)