Nynke en Wiljo winne SjONG

19 apr 2009 - 08:02

Twa learlingen fan it Bogerman College yn Snits hawwe SjONG 2009 wûn. De finale fan it songfestival foar jongeren waard sneon hâlden yn Dokkum. Nynke en Wiljo wiene neffens de sjuery de bêste. Se wûnen mei 'Fanút myn hert', in selsmakke tekst op it ferske 'Lost' fan Anouk.

Op it twadde plak einige Djoeke fan it Beyers Naudé yn Ljouwert. It tredde plak wurdt dield troch Albert van der Tuin fan it Drachtster Lyceum en Hinke Bijma fan it Comenius yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)