H' Boys wint Fryske twastriid

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat hiele goeie saken dien yn 'e striid om it kampioenskip yn de haadklasse C. Konkurrint HHC út Hardenberg spile mei 1-1 lyk tsjin Genemuiden, wylst de Harekiten mei 2-0 te sterk wienen yn de derby tsjin ONS.
De 1-0 foel yn de earste helte troch in kopbal fan oanfaller Jelmer Slager. De 2-0 kaam fier yn blessueretiid troch in geweldich doelpunt fan ynfaller John van Dalen. In skot fan krekt oer de middelline.