Chr. Wassenaar wint sportpriis

Keatser Chris Wassenaar hat de Fryske Sportpriis 2008 wûn. Wassenaar krige de priis sneon yn in spesjale radio-útstjoering fan Omrop Fryslân. It wie foar de 35e kear dat de priis troch de provinsje útrikt waard. De priis giet nei in sporter dy't him op sportgebiet it meast fertsjinstlik makke hat.
Ek koe it publyk foar it earst syn favorite sporters kieze. By de manlju waard dat Sven Kramer, Marrit Leenstra waard sporttalint en SC Hearrenfean sportploech fan 2008.