Drachtster oppakt yn Roden
De plysje fan Drinte hat in 20-jierrige ynwenner fan Drachten oppakt. De jonge waard yn Roden betrape mei in pistoal yn 'e auto. Ek hie er munysje en in stroomstjitwapen by him.
De jonge is fêstset, der wurdt noch fierder ûndersyk nei him dien.