Ielaak Heech offisjeel doopt

18 apr 2009 - 15:48

De ielaak Korneliske Ykes 2 is sneon offisjeel doopt. It skip, dat 150 jier lyn as lêste fan de helling yn Heech kaam is yn trije en in heal jier opnij boud troch mear as fyftich frijwilligers.

Der wiene gjin boutekeningen fan it skip, dat nei de oarloch sloopt waard. Op basis fan âlde foto's is it skip herboud. De ielaak hie eartiids libbene iel oan board. Dat wie sneon foar de gelegenheid wer sa. Der is 1,5 miljoen euro yn it skip ynvestearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)