Famke (11) bedrige yn Drachten
De plysje ûndersiket de bedriging fan in 11-jierrich famke út Surhuzum. It famke wie op de Wielewalen yn Drachten mei oare bern oan it boartsjen, doe't in groepke fan fjouwer bern op har ôfkaam en rúzje begûn te meitsjen.
Ien fan dy bern pakte in mes en bedrige it famke. Dêrnei draafden se hurd fuort. It famke hat oanjefte dien.