Doeksen nimt planktonmeunsters

18 apr 2009 - 12:45

De MS Vlieland fan Rederij Doeksen set aanst net allinnich mar minsken oer nei de Waadeilannen, mar funktionearret tagelyk as ûndersyksskip.

See-ynstitút Imares op Texel ynstallearret yn maaie in apparaatsje yn it skip dat ûnderweis hieltyd meunsters nimt fan plankton yn de Waadsee. Plankton is hiel wichtich en at je it goed analysearje seit it ek in hiel soad oer de sûnens fan de see en de klimaatferoarings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)