Boetes by snelheidskontrôles
De plysje hat freed by ferskate snelheidskontrôles 231 minsken op de bon slingere. Yn Ingwierrum dielde de plysje 120 bonnen út. De rapste rider kaam hjir mei 127 kilometer yn 'e oere foarby, wylst er mar 80 mocht.
Yn Gerkeskleaster krigen 77 minsken in boete. Yn Kollum waarden goed 730 bestjoerders kontroleard. 34 fan har rieden te hurd.