Lia Dekker is har rekôr kwyt

17 apr 2009 - 23:19

Lia Dekker is op de twadde dei fan de Swim Cup yn Amsterdam har Nederlânsk rekôr op de 100 meter skoalslach kwytrekke. In wike lyn swom Dekker yn it Deenske Esbjerg in nije toptiid: 1.07,67.

Yn Amsterdam wie Moniek Nijhuis flugger: 1.07,41. Ek Lia Dekker fan it Drachtster DZ&PC swom rapper as har âlde toptiid: 1.07,47.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)