Zonderland as bêste nei finale

17 apr 2009 - 21:32

Turner Epke_Zonderland fan De Lemmer hat de finale op it rek helle by de wrâldbekerwedstriid yn it Sloveenske Maribor. Syn oefening waard beleanne mei 15.400 en dêrmei wie hy de bêste fan de dei.

Ek op de brêge pleatste Zonderland him foar de finale. Op dat tastel einige hy yn de kwalifikaasje as sânde. De finales fan it rek en de brêge binne op sneon en snein. Ek Jeffrey Wammes pleatste him op it rek en de brêge foar de finale yn Maribor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)