Hearrenfeanfroulju út de beker

17 apr 2009 - 19:22

It fuotbalbûn KNVB hat de sân profklups út de earedivyzje foar froulju weromlutsen út it nasjonale bekertoernoai. Dat jild dus ek foar de froulju fan Sportklup_Hearrenfean.

It weromlûken is bard yn oerlis mei de klups en hat te krijen mei it drokke spylskema. In protte wedstriden waarden ôfsein en moatte yn april ynhelle wurde. Boppedat spilet it Nederlânsk frouljusteam ek nochris tsjin Iislân. De KNVB wol oerbelêsting by de froulju sjen foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)