Te Loeke en De Boer tekenje by

© Omrop Fryslân
Reservekeeper Robbert_te_Loeke en ferdigener Ale_de_Boer fan Readtsjerk hawwe harren kontrakt by SC_Cambuur ferlingd. Te Loeke hat in kontrakt foar twa jier tekene, De Boer bliuwt ien jier langer by de Ljouwerters.
Sander Fischer hat in 2-jierrige oanbieding fan Cambuur yn beried. Ek Dennis van der Ree, dy't earder te hearen krige dat syn kontrakt net ferlingd wurde soe, kin in jier langer yn Ljouwert bliuwe. De ferdigener tinkt dêr op dit stuit noch oer nei.