Saak Ronner: famyljedrama

17 apr 2009 - 16:47

Ritske Ronner (71) hat syn frou Ria (66) deasketten en dêrnei himsels tekoart dien. Dat hat parse-offisier fan justysje Henk Mous freed bekend makke op de parsekonferinsje yn Ljouwert. Dat der noch in tredde partij by belutsen wêze soe, wiist justysje fan de hân. Der is in pistoal by de lichems fûn en njoggen hulzen fan kûgels.

It echtpear waard tiisdeitemoarn dea oantroffen yn har wenning oan de Jan Lievensstrjitte yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)