Provinsje stipet spoarline

© Omrop Fryslân
De provinsje betellet 317 miljoen euro mei oan de nije spoarline tusken It Hearrenfean en Grins. It spoar kostet 650 miljoen euro, dat is 70 miljoen mear as earst tocht waard.
Dat it djoerder wurdt, komt trochdat by Hoogkerk ekstra oanpassings nedich binne. De Fryske gemeenten dy't oan it spoar komme te lizzen, betelje der ek oan mei. Smellingerlân lûkt der 24 miljoen euro foar út. Hoefolle Opsterlân en Hearrenfean bydrage is noch net bekend.