Noch gjin sosjaal plan bank

17 apr 2009 - 15:45

Der is noch gjin sosjaal plan foar de meiwurkers fan de Friesland Bank. De fakbûnen en direksje hawwe freed goed fjouwer oeren om tafel sitten, mar binne der net útkommen. Tiisdei wurdt fierder praat. De grutste fakbûn, it FNV, wol net sizze op hokker punten de ûnderhannelings fêstrinne.

De direksje wol 250 banen skrasse en acht kantoaren slute. Dy reorganisaasje is neffens har nedich om't de bank ferline jier 75 miljoen euro ferlies draaid hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)