Yad Vashem postúm útrikt

Echtpear út Eastersee hat postúm Yad Vashem ûnderskieding krigen
De heechste Israelyske ûnderskieding Yad_Vashem is freed postúm útrikt oan Gosse en Hendrikje Kuipers fan Eastersee. It echtpear hat yn de Twadde Wrâldoarloch en ek dêrnei in Joadsk famke ûnderdak jûn.
Dat famke is Ellie Kats. Sy hat de ûnderskieding foar minsken dy't har ynset ha foar de Joadske saak oanfrege. Ellie kaam as 9-jierrich famke by de famylje Kuipers yn hûs om't se as joadinne yn Amsterdam net mear feilich wie.