Stekpartij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in stekpartij oan de Lorentzkade yn Ljouwert is freed in man ferwûne rekke. De dieder is dêrnei útnaaid op in skooter. De plysje hat fia Burgernet in sinjalemint fan de fertochte ferspraat. Dêr binne al ferskate reaksjes op kaam. De plysje hat in dieder op it each. It soe gean om in man (25) fan Antilliaanske komôf. De fertochte is noch net fûn.
De ferwûnings fan it slachtoffer falle ta. It is net bekend wêrom't de fertochte de man delstutsen hat.