Parsekonferinsje saak Ronner

17 apr 2009 - 13:49

De plysje hâldt freed om 16.30 oere in parsekonferinsje oer de dea fan Ritske en Ria Ronner út Ljouwert. It is noch ûndúdlik wat ferteld wurdt. It echtpear waard tiisdeitemoarn dea fûn yn har hûs oan de Jan Lievensstrjitte. Beide binne troch in misdriuw om it libben kaam, mar de plysje wit noch net wat der krekt bard is.

De ynformaasje dy't op de parsekonferinsje nei bûten brocht wurdt, is by Omrop Fryslân op de radio te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)