Sûnenssintrum yn tsjerke

17 apr 2009 - 12:06

De eardere grifformearde tsjerke yn Frjentsjer giet mooglik ticht. Dan soe de Martinitsjerke oan de Brede Plaats ferboud wurde moatte.

Dit beslút is yn in streamfersnelling rekke nei't in gearwurking fan dokters, apoteek en fysioterapeuten in opsje ta keap nommen hat op de tsjerke oan de Zilverstrjitte. Dy wolle der in sûnenssintrum yn meitsje. De grifformearde en de herfoarme tsjerke fusearje ta ien protestantse gemeente mei de Martinitsjerke as tsjerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)