Medalje foar rêdingsaksje

17 apr 2009 - 11:05

Trije famkes (10 en 11) krije moandei in ûnderskieding. Se ha in oar famke fan de ferdrinkingsdea rêden. Se wiene ferline jier augustus yn it swimbad yn Hylpen. Se seagen it slachtoffer op de boaiem fan it swimbad lizzen, mar tochten earst dat se in spultsje die om sa sa lang mooglik ûnder wetter te bliuwen.

Doe't it har te lang duorre, hellen se it famke út it wetter. In dokter dy't tafallich yn de buert wie, hat it slachtoffer reanimearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)