Man ferwûne by Skarsterbrêge

17 apr 2009 - 10:50

In man (47) út Nijlân is tongersdei op de grutte dyk by Skarsterbrêge ferwûne rekke by in ûngelok. De man wie mei syn auto op in stilsteande frachtauto riden. Hy hie gjin gurdel om en belâne troch de klap op de byridersstoel. Dêr kaam er fêst te sitten. De brânwacht hat him derút helje moatten.

It slachtoffer is nei it sikehûs yn Snits brocht. De dyk hat fanwege it ûngelok in skoftsje ôfset west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)