Plysje pakt hurdriders oan

17 apr 2009 - 09:48

De plysje hat by twa ferkearskontrôles yn Appelskea en Wolvegea tongersdei hast 500 bekeuringen útdield. De measte minsken rieden te hurd. Ien fan de autobestjoerders dy't kontrolearre waard, is syn rydbewiis kwytrekke.

Yn Appelskea krige de sjauffeur fan in buske in rydferbod omdat er, himsels meirekkene, njoggen minsken ferfierde, wylst sân it maksimum is. De plysje fûn twa passazjiers yn de kofferbak, dy hiene har ferstoppe om út it sicht te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)