Wûnseradiel foar weryndieling

17 apr 2009 - 09:24

Hast fjouwertûzen hantekeningen fan ynwenners fan Wûnseradiel kinne net foarkomme dat de mearderheid fan de ried foar weryndieling bliuwt. Dat wie de konklúzje fan de riedskommisje tongersdeitejûn yn Wytmarsum.

Trije fan de fiif CDA-ers, trije fan de fjouwer leden fan de PvdA en de twa VVD-ers binne foar it opgean fan Wûnseradiel yn in gruttere Súdwesthoeke-gemeente. Dat is in krappe mearderheid. Moandei falt it definitive beslút oer de weryndieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)