Aris ferliest lêste wedstriid

Aris mei net meidwaan oan de play-offs
De basketballers fan Aris_Friesland ha it seizoen ôfsletten mei in ferlies tsjin Weert. Yn Limburch waard it 93-82 foar de ploech út Weert. Dêrmei slút Aris it seizoen ôf op in 10e plak, wat gjin rjocht jout op dielname oan de play-offs.
Keith Spencer wie yn de lêste wedstriid de skerpskutter by Aris. Hy makke yn totaal 34 punten. De lieding fan de ploech sil no om tafel mei in pear spilers om har fêst te lizzen foar takom seizoen.