Winkel amper te berikken

© Omrop Fryslân
Eigner Kor Westerhof fan de winkel oan de Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert hat in grut probleem. Westerhof woe nei it fuortgean fan de foarige hierder it winkelpân wer geskikt meitsje foar in nije ferhierder of keaper, mar dat kin net mear.
Foar de sloop fan it provinsjehûs is nammentlik in tunnel fan konteners boud sadat minsken feilich troch it strjitsje rinne kinne. Dy tunnel stiet sa ticht op de winkel dat je der hast net mear komme kinne.