Postkantoar Hearrenfean ticht

Tongersdei is de lêste dei dat it grutte postkantoar op It Hearrenfean iepen is. It kantoar slút freed nei fjirtich jier definityf de doarren. Fiif jier lyn kamen der elke dei wol 500 klanten op it kantoar, mar dat binne no noch mar 200.
It postkantoar op It Hearrenfean is de earste fan de fiif gruttere postkantoaren yn Fryslan dy`t ticht giet. Ljouwert en Dokkum folgje yn juny en dêrnei sille ek Snits en Drachten de doarren slute.