Manljusfollybal yn problemen

It giet net goed mei it manljusfollybal yn Snits. By ferlies yn de wedstryd tongersdei tsjin Martinus út Amstelveen, is degradaasje fan it earste team út de B-League nei de earste divyzje in feit. Der is gjin jild mear en it oanlûken fan goeie spilers is in grut probleem.
Hoe't it fierder moat is net dúdlik. Neffens bestjoerslid Anton de Vries wurdt it noch in poepetoer om takom seizoen in folweardich earste divyzjeteam byelkoar te krijen.