Himpkwekerij yn Harns
Yn in kelder fan in hûs oan Het Rooie Dorp yn Harns hat de plysje tiisdeitemiddei in himpkwekerij fûn.
De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in anonime tip. Der waarden sechstich planten en apparatuer oantroffen. De 54-jierrige bewenner fan it hûs is troch de plysje heard.