Mishanneling yn Drachten
In 20-jierrige jonge út Drachten is moandeitejûn op de Van Blomstrjitte mishannele troch twa jongens fan 17 en 18 út dat plak. De 20-jierrige waard slein en skopt.
De twa fertochten binne oanhâlden en sitte noch fêst op it plysjeburo. De plysje siket noch tsjûgen fan de mishanneling.