Undernimmers reagearje let

© Omrop Fryslân
Undernimmers lûke faak te let oan de bel as se yn finansjeel swier waar komme troch de ekonomyske krisis. Dat seine de Rabobank en it UWV woansdei by in gearkomste foar it MKB. Undernimmers krigen dêr fan de bank, it útstoerburo Randstad en it mobiliteitssintrum Fryslân tips om op it mêd fan personiel en finansjes better yn te spyljen op de krisis.
En de gouden tip: wês net te posityf yn jo ferwachtings en sykje op 'e tiid help as it wat minder giet.