Bloedbank siket donoaren

16 apr 2009 - 09:11

It slagget bloedbank Sanquin net genôch nije donoaren te finen. De bloedbank hat al jierren te krijen mei in tekoart. Ek reagearje in soad donoaren net op de oproppen dy't se krije. Sa komt mar 30 persint opdaagjen as se frege wurde bloed te jaan.

De bloedbank wol him no spesifyk rjochtsje op jongeren. Sa wurde ûnder oare studinteferienings oanskreaun mei de fraach om donoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)