'Hôf moat yn Ljouwert bliuwe'

16 apr 2009 - 07:13

It gerjochtshôf moat yn Ljouwert bliuwe en net ferhúzje nei Swolle. Dat skriuwe de provinsjes Fryslân, Drinte en Grinslân en de gemeenten Grins, Ljouwert, Emmen en Assen yn in brief oan de keamerkommisje fan Justysje.

Neffens de provinsjes en de gemeenten soe it ferdwinen fan it Hôf út Ljouwert in grutte klap foar de wurkgelegenheid betsjutte. Hjoed praat de keamerkommisje fierder oer de ferdieling fan de rjochtbanken en gerjochtshôven oer it lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)