Ferkear Ljouwert: 742 miljoen

15 apr 2009 - 17:11

Nei fjouwer moanne ûnderhanneljen tusken Ryk, provinsje en de gemeente Ljouwert is der jild fûn foar hast alle nije diken, spoarferbinings en akwadukten yn Ljouwert. Meiïnoar giet it om 742 miljoen euro. Dêrfan betellet it Ryk 70 persint, de gemeente 20% en de provinsje 10%.

It giet om de Heak om Ljouwert, it nije akwadukt by de Drachtsterwei en it spoar tusken Ljouwert-Grins. Neffens wethâlder Krol binne dizze projekten no finansjeel dutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)