Skilder hellet graffity fuort

15 apr 2009 - 15:44

In skildersbedriuw út Dokkum stelt fergees in skilder beskikber om graffity fuort te heljen. Nei in oprop fan it bedriuw hawwe Dokkumers oanjûn hokker plakken se it leafst oerskildere sjogge. Fan woansdei ôf is de skilder op fjouwer lokaasjes yn de stêd oan it sauzjen.

Graffity is ek foar de skilder in grutte argewaasje, sadwaande de opop yn 'e krante. Skildersbedriuw Loonstra pleitet derfoar dat de plysje tenei stranger optreedt tsjin graffity.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)