De Lemmer: noed oer wynmûnen

De Lemsters hâlde de megagrutte mûnen leaver op ôfstân...
Der binne soargen op 'e Lemmer oer it plan foar hûndert wynmûnen mei in hichte fan hast 200 meter by de Noardeastpolder. It grutste wynmûnepark fan Nederlân moat tusken De Lemmer en Urk komme. Foar in part yn 'e polder en foar in part yn 'e mar. It is noch in plan, mar it kabinet wol der gong achter sette.
Acht fan de mûnen soene op Lemster grûngebiet komme moatte. Mar dêr is op De Lemmer net eltsenien like bliid mei. Se wolle de mûnen op ôfstân hâlde.