Verburg: beamkap Appelskea mei

© Omrop Fryslân
Minister Verburg fan Natuer hat gjin beswier tsjin it kapjen fan beammen yn it Drints-Fryske Wold by Appelskea. Dat sei se woansdei yn de Twadde Keamer. Keamerleden en omwenjenden fine dat Steatsboskbehear tefolle beammen fuorthellet, mar Verburg liet witte dat de kapaktiviteiten passe yn it belied om mear romte te jaan oan sânferstowings.
De kap soe ek net yn striid wêze mei it plan om fan it Drints-Fryske Wold in Europeesk natuergebiet te meitsjen.