Skoalbern betinke befrijing

15 apr 2009 - 13:41

Benammen skoalbern betochten op woansdei 15 april de befrijing fan Fryslân fan 64 jier lyn. Op tal fan plakken wie der omtinken foar de befrijing fan de Dútske besetting.

Sa leine skoalbern yn de Doelhôftsjerke yn Aldeboarn in krâns by it betinkingsrút foar Boargemaster Van Baerdt van Sminia. Hy waard op de dei fan de Fryske befrijing yn Dútslân deasketten foar in fersetsdie yn Akkrum. En yn Ferwert leine skoalbern in krâns by it betinkingsmonumint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)