Nij gastronomysk arranzjemint

© Omrop Fryslân
Grand Hotel Post Plaza yn Ljouwert en stjerrerestaurant Frouckje State yn Ryptsjerk sille gearwurkje. Mei de komst fan it nije hotel yn Ljouwert hat Froukje State in plak fan nivo fûn dêr't harren gasten oernachtsje kinne.
Boppedat wie Post Plaza op syk nei in partner foar in saneamd twadaags gastronomysk arranzjemint. In privee-sjauffeur soarget foar it ferfier fan Post Plaza nei Frouckje State.