Kettingbotsing by Dokkum

15 apr 2009 - 10:48

Mei-inoar fjouwer auto's wiene tiisdeitemiddei belutsen by in kettingbotsing op de Lauwersseewei by Dokkum. In 22-jierrige automobiliste út Dokkum seach te let dat de auto's foar har stil stienen.

Dit yn ferbân mei in earder ûngelok. De frou út Dokkum, dy't it ûngelok feroarsake, is mei ferwûnings oan de nekke oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)